Histoaryske fantasy

It skilderij The Accolade fan 'e Britske keunstskilder Edmund Blair Leighton lit in ideälisearre byld fan 'e Midsiuwen sjen sa't dat gauris ek yn 'e histoaryske fantasy toand wurdt.

Histoaryske fantasy is in subsjenre fan 'e fantasy en de histoaryske fiksje dat dy beide literêre sjenres mei-inoar fermingt. Romans, novelles en koarte ferhalen út dit subsjenre hawwe yn 'e regel in histoaryske eftergrûn, mar de plot ynkorporearret dêrnjonken ek fantasy-eleminten, lykas tsjoenderij, magy, boppenatuerlike saken en/of it bestean fan mytyske wêzens (elfkes, feeën, reuzen, draken, kreaken, ensfh.). Histoaryske fantasy is ornaris yn de tiid foarôfgeande oan 'e tweintichste iuw pleatst, en yn 'e measte gefallen yn 'e Midsiuwen. Histoaryske fantasy dy't yn de twadde helte fan 'e tweintichste iuw spilet, wurdt faak ta in oar subsjenre rekkene, nammentlik dat fan 'e urban fantasy. As der yn histoaryske fantasy in protte technology foarkomt, benammen út 'e tiid fan 'e Yndustriële Revolúsje, dan oerlapet it mei steampunk, dat in subsjenre fan 'e science fiction is.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search